Dat is andere taal! Foppe de Haan
Omrop Fryslân
0:00 / 0:00
Dat is andere taal! Foppe de Haan
526 просмотров · 14 лет назад
Omrop Fryslân
42,1 тыс. подписчиков
526 просмотров · 14 лет назад
Oflevering 2: Foppe de Haan
Ald-trainer fan SC Heerenveen Foppe de Haan hearde op de legere skoalle foar it earst Nederlânsk. Krekt as by in protte Friezen is it Frysk syn memmetaal en Foppe is der tige grutsk op. Mar is it Frysk wol in taal? En wêrom is de iene taalfariant in erkende taal en de oare net?
De Haan sjocht fuotbal as teater en dêrom woe hy dat alle spilers wisten foar wa' t se spilen. Nijkommers by SC Heerenveen moasten Fryslân, de Friezen en harren taal kennen learre. Dêrom organisearre Foppe bustripkes troch de provinsje en learde hy de nije spilers it Frysk folksliet.
Undersiker Marc van Oostendorp hâld him al jierren dwaande mei it ûndersyk nei dialekten yn Nederlân en toant wûnderlike ûndersykynstruminten út froeger jierren. Hy hat ek in antwurd op de fraach wêrom it Frysk in offisjele taal is.
En wylst Foppe grutsk is op syn taal, hat de Helmondske Madelijne dochs wat mear muoite mei it dialekt fan har bertestreek.